Filmrol foar Ids Postma

14 jun 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

It is studinteferiening Bernlef slagge om op 'e nij in pear pommeranten oan te lûken foar harren Frysktalige Kameleonfilm. Reedrider Ids Postma fan Dearsum spilet in gastrol. Fierder is âld-kommissaris Hans Wiegel ree om de rol fan boargemaster op him te nimmen.

De Kameleonfilm is in boartlik protest fan Bernlef tsjin de Nederlânsktalige Kameleonfilm fan Steven de Jong.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)