Lyklema boargemaster yn Fryslân

14 jun 2002 - 00:00

Louis Lyklema (56) fan Kollum wurdt nei alle gedachten de nije boargemaster fan Achtkarspelen. De ried hat him foardroegen as opfolger fan Schmidt. Lyklema wie earder waarnimmend boargemaster yn Vlagtwedde en Ter Aar.

Lyklema wie fan 1991 oant en mei 1995 deputearre fan 'e provinsje Fryslân. Gemeentesiktaris Hogendoorn fan Vriezenveen is twadde op 'e foardracht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)