Unienichheid oer Waadsee

13 jun 2002 - 00:00

CDA, VVD en LPF kinne it net iens wurde oer de takomst fan de Waadsee. Dat docht bliken by de formaasje- ûnderhannelings. It CDA wol net dat der de kommende tsien jier nei gas boarre wurdt, de VVD is dêr wol foar.

De LPF sit der wat tuskenyn. Dy partij fynt dat der boarre wurde mei as dat ekonomysk needsaaklik is en as der gjin skea is foar it miljeu.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)