Boete foar molke yn de sleat

12 jun 2002 - 00:00

In boer by Blessum hat in boete krigen fan 200 euro om't er molke yn de sleat rinne litten hat. De molke fan in boer by Hichtum kaam ek yn de sleat telâne mar dat wie gjin opset.

It Wetterskip Fryslân meldt fierder dat ek molke yn it rioel oantroffen is op It Amelân en by Warns. Ynspekteurs sykje út wa't der ferantwurdlik foar is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)