Man yn Ljouwert mei mes stutsen

© Omrop Fryslân
In 27-jierrige Ljouwerter is tiisdei op it Piet Kramerplein slim mishannele. Hy is mei in mes yn búk, billen en skonk stutsen. Yn it sikehûs is er opereard.
Wêrom't de man mishannele is, is ûndúdlik. De plysje ûndersiket de saak. Der is in mes fûn, nei alle gedachten it wapen, yn de Gebr. Wierdastrjitte. In speurhûn fûn neat. Oanwêzige tsjûgen woenen neat sizze.