CNV op slot troch lilke boeren

11 jun 2002 - 00:00

By it CNV-kantoar yn Drachten binne tiisdei likernôch 250 lilke boeren by elkoar kommen. Se woenen it gebou besette, mar dat slagge net.

It pân siet potticht, net ien koe der yn of út. De sitewaasje wie grimmitich, der wie plysje oanwêzich. De boeren drigen mei hurdere aksjes. Mooglik wurdt tiisdeitejûn by de molkfabriken protestearre.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)