Boeren driigje mei besetting CNV

11 jun 2002 - 00:00

Boeren driigje it haadkantoar fan fakbûn CNV yn Drachten te besetten. Se binne lilk om't de molke net mear ophelle wurdt fanwege de suvelstaking.

Hast 1200 feehâlders yn Fryslân en Grinslân bliuwe no mei de molke sitten. Rûchwei 5,5 liter ferdwynt alle dagen yn de jarrekolk. Dat betsjut in finansjele skea fan 1,8 miljoen euro deis.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)