Hûn jaget ferkear yn 'e bulten

11 jun 2002 - 00:00

In losrinnende hûn soarge moandei foar konsternaasje op de A7 by Snits. Ferskate auto's moasten útwike of remje. De plysje besocht him mei in skot út te skeakeljen. Dat slagge lykwols mar amper.

Mei in skampskot rûn it bist it hiem fan in hûs op. Dêr koe er mei in fangstôk pakt wurde. De eigner fan 'e hûn hat him meld by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)