Parkearkelder by Aldehou

11 jun 2002 - 00:00

Oan de foet fan de Aldehou komt in parkearkelder mei trije lagen en plak foar 510 auto's. Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert wolle der 19 miljoen euro foar útlûke, sa is moandeitejûn besletten.

De wurksumheden sette takom jier út ein en duorje twa jier. De nije parkeargaraazje kostet safolle dat oare saken lizze bliuwe.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)