Seehûnesykte ferwachte

10 jun 2002 - 00:00

It ryk hat maatregels nommen tsjin de seehûnesykte. Nei ferwachting sil de sykte, dy't no yn Denemarken hearsket, oer twa wike Nederlânske seehûnen treffe. Dat kin de helte fan de seehûnen fataal wurde.

Besmette seehûnen sille opfongen wurde, slim sike krije in spuitsje. It intsjen fan alle seehûnen yn de Waadsee is net helber.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)