Damwâldster bern winne webpriis
In groep famkes út Damwâld hat moandei yn Amsterdam in priis wûn foar har website. De groep die oan de priisfraach mei, mei in website oer Fryslân. De website is foar in diel twatalich.
Meiinoar diene oan de priisfraach, in inisjatyf fan Thinkquest, tachtich teams mei. De famkes ha mei har website in kompjoeter wûn.