Brân fernielt wenbuorkerij

10 jun 2002 - 00:00

Yn Surhústerfean is sneintejûn in wenbuorkerij foar it grutste part ôfbaarnd. De brân begûn op souder en sloech letter oer nei it reiten tek.

De bewenner hat earst besocht it fjoer sels te blussen. Letter hawwe de brânwachtkorpsen fan Surhústerfean en Droegeham dar oernommen. Oer de oarsaak en de hichte fan de skea is noch neat bekend.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)