Tusken trekker en fersierde wein

© Omrop Fryslân
Op it doarspfeest yn Aldtsjerk is sneon in jongeman (19) ferwûne rekke. Hy stie op in beamstam ûnderoan in trekker. Dy luts in as kastiel fersierde wein en de beamstam tsjinne as stoarmram.
De man foel fan de beamstam ôf. De bestjoerder sette de trekker gau stil. De jongeman lei tusken trekker en wein. Hy hat in brutsen skonk en ynwendich letsel. De bestjoerder hie dronken.