Lanlike beker foar De Jouwer?

09 jun 2002 - 00:00

Fuotbalclub De Jouwer giet fierder mei de triomftocht. By de heale finale foar de lanlike beker diene se sneon goede saken. Op eigen fjild moasten se twa wedstriden spylje fan elk 30 minuten. It waard 4-0 tsjin De Bataven en mar leafst 7-3 tsjin Hilversum.

Earder wûnen se ek al de noardlike beker. De Jouwer mei no útkomme foar de Amstel Cup.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)