Ynfalsjauffeur mooglik gefaarlik
Sjauffeurs mei minder ûnderfining op in touringcar kinne in gefaar op de wei wêze. Dat sei de direkteur fan Dalstra Reizen út Surhústerfean.
Fryske ferfierders hawwe it smoardrok trochdat er yn dizze perioade mear skoallereiskes binne as oars. Faak wurde dan sjauffeurs oproppen. Fan 'e wike wiene der twa slimme ûngelokken. Dalstra Reizen wie dêr net by belutsen.