CNV tefreden oer sikehûsfúzje

De Sionsberg © Omrop Fryslân
It fakbûn CNV sil ek de kommende tiid de finger goed oan de pols hâlde by sikehûs de Sionsberg yn Dokkum, no't dat oernaam wurdt troch sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten.
It fakbûn is bliid mei de fúzje, omdat der no dúdlikheid is oer de takomst fan de Sionsberg. Mar hoe't it krekt mei it personiel komt, bliuwt noch even de fraach. En dat is, njonken de opluchting oer de rêding foar it sikehûs, dochs wol ferfelend foar de wurknimmers fan de Sionsberg, seit it fakbûn.