Skoalle yn Ketlik is opknapt

08 jun 2002 - 00:00

De kristlike basisskoalle yn Ketlik is ferboud. De W.A. Nijenhuisskoalle waard freed feestlik weriepene. De iennige selsstannige skoalle yn de gemeente is fan de souder oant de tún opknapt.

Offisjeel hat de skoalle mei krapoan fyftich bern te min learlingen om selsstannich te bliuwen. De skoalle wurket gear mei oare skoallen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)