Leo Reawaruw opnij frijsprutsen
It hôf yn Arnhem hat de Molukse aktivist Leo Reawaruw fan Harns frijsprutsen fan it lieden fan in kriminele organisaasje. Neffens it iepenbier ministearje bestjoerde Reawaruw in organisaasje dy't ferantwurdlik wie foar oanslaggen op in trein by Elst, it gemeentehûs fan Elst en in plysjepost.
Earder hat de rjochtbank Reawaruw ek al frijsprutsen.