FNP stjoert faks oer sweeftrein

07 jun 2002 - 00:00

De FNP hat freed in haast-faks stjoerd oan minister-presidint Kok. Yn de faks pleitet de partij tsjin de oanlis fan in sweeftrein nei it Noarden. Op it stuit is der noch oerlis geande oer de oanlis fan de sweeftrein.

Benammen de finansjele bydrage dy't it Noarden betelje moat smyt noch problemen op. Neffens de FNP is der hielendal gjin ferlet fan de sweeftrein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)