Mear jild nedich foar ICT-sektor

07 jun 2002 - 00:00

It nije kabinet moat 1,4 miljard euro ekstra stekke yn ICT-belied. Dat hat de Snitser ynternetûndernimmer Tom Kok skreaun oan de politisi Balkenende, Herben en Zalm út namme fan alve grutte organisaasjes fan ICT-bedriuwen.

Nederlân is op ICT-gebiet in goeie middenmotor. As it Nederlân slagget om foarop te rinnen betsjut dat in ympuls foar de ekonomy, neffens Kok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)