Auto rydt yn op twa minsken

© Omrop Fryslân
De plysje hat in 38-jierrige man fan It Hearrenfean oanholden fanwege in poging ta moard. De man ried woansdei mei syn auto op it terrein fan iisstadion Thialf.
Twa befeiligingsmeiwurkers woene de man kontrolearje, mar hy ried doe twa kear op harren yn. De autobestjoerder ried doe fierder en fernielde noch in rút. De plysje koe him letter oanhâlde.