Skeel Snits oer parkearplakken

05 jun 2002 - 00:00

De feriening Sneeker Zakenlieden hat in skeel mei de gemeente Snits oer it tal parkearplakken yn de stêd. Neffens de plannen fan de gemeente soene 36 parkearplakken ferdwine. It giet dan benammen om it Oud Kerkhof.

De feriening hat beswier makke. De gemeente telt neffens de feriening ek it hjoeddeiske tal parkearplakken ferkeard.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)