Gjin treinen om wurk oan Heak

08 mrt 2012 - 22:39

Fanwege wurksumheden foar de oanlis fan de Heak om Ljouwert ride der it hiele wykein gjin treinen tusken Ljouwert en Harns en Ljouwert en Starum. Yn plak dêrfan sille der bussen ride. Dit wykein wurdt der in begjin makke mei de oanlis fan de westlike ynfalswei, dy't de Heak mei de stêd ferbine sil.

By de spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal wurdt in saneamd 'relais'-húske ferpleatst, dêr't alle feilichheidsseinen op it spoar rjochting Starum oanstjoerd wurde. Op dat plak komt letter in akwadukt, de bou dêrfan set yn septimber útein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)