Scheringa wol Rinsmastate keapje
Dirk Scheringa tinkt der oer Rinsmastate yn Driezum te keapjen. De eigner fan finansieringsbedriuw DSB ûnderhannelt mei arsjitekt Van der Breggen oer it âlde gemeentehûs. Dy woe der lukse apparteminten fan meitsje, mar hy slút ferkeap net út.
Scheringa, Fries om utens, wol syn plannen mei de state noch net bekend meitsje. Hy is troud yn Rinsmastate.