Test sirenes goed slagge

© Omrop Fryslân
De jierlikse test mei de alarmsirenes yn Fryslân is goed ferrûn. Op twa plakken nei binne se allegear ôfgien. It gie om in test om de befolking attint te meitsjen op de sirenes.
By in ramp wurde de sirenes brûkt as warskôging. Doarren en ruten moatte ticht en fia radio en televyzje wurdt elkenien op de hichte hâlden. Earder waarden de sirenes alle moannen test.