Jild om Prinsetún op te knappen
De gemeente Ljouwert hat mear as in miljoen euro om de Prinsetún yn de Fryske haadstêd om te knappen. De plannen derfoar besteane al langer en no is der jild foar om se út te fieren.
De paden wurde ferbettere, sike beammen wurde kapt en by de jachthaven komme nije steigers. Fan 't hjerst begjinne de wurksumheden dy't in jier duorje.