Dochs gjin ferkeap Schatzenburg
Undernimmer Van Booma docht rekreaasje- sintrum Schatzenburg by Menaam dochs net yn de ferkeap. Van Booma kundige dit wykein oan it sintrum kwyt te wollen om't er tefolle tsjinwurking krige fan miljeubewegings.
Van Booma wol bungalows en in mar oanlizze op it terrein en dêr moat bosk foar tsjin de flakte. Miljeuklups kearden dat op fia de rjochter.