Pepperspray foar Fryske plysje

04 jun 2002 - 00:00

De Fryske plysje rint fan tiisdei ôf mei pepperspray op strjitte. It bitende guod mei allinnich brûkt wurde tsjin yndividuen, net tsjin groepen. Sa'n yndividu moat dan ek noch mei in slach- of stekwapen op de plysje ôfkomme.

Moandei krigen de earste 12 plysjes de pepperspray útrikt. De spray soe in gat folje tusken it brûken fan in wapenstôk en in fjoerwapen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)