Vesuvius wol boete net betelje
De âldjiersferiening Vesuvius út Elslo betellet de boete fan 3600 euro net. Dat betsjut dat de njoggen leden foar de rjochter komme moatte. Dat is besletten yn oerlis mei de advokate- bruorren Anker.
Vesuvius fynt de boete net terjochte. Dy boete wie foar it stellen fan it byld fan Rinus Michels by it haadkantoar fan de KNVB yn Zeist.