Bysûndere toskedokterspraktyk

© Omrop Fryslân
By toskedokterspraktyk Medimatch yn Drachten wurkje trije Súd-Afrikanen. Sy binne hjir hinne helle om de druk foar de oare toskedokters wat te ferlichtsjen. Opmerklik is dat se in protte asylsikers behannelje, sa'n 9000 yn it jier.
Neffens de inisjatyfnimmers is de praktyk in súkses en komme der bûten Fryslân mear fan sokke praktiken.