Mêsten mjitte drokte op dyk

08 mrt 2012 - 22:00

By alle autodiken yn Fryslân komme mêsten mei mjitapparatuer te stean. It giet om hûnderten mêsten yn it noarden en easten fan Nederlân. Doel is om de drokte yn de gaten te hâlden, sadat der op tiid yngrepen wurde kin, bygelyks by in ûngemak. It systeem wurket mei ynfraread sensoaren en de gegevens wurde fia bluetooth ferstjoerd. De apparatuer wurket op sinnepanielen.

De Nationale Databank Wegverkeergegevens pleatst de peallen. De gegevens wurde brûkt troch Rykswettersteat en ferkeapers fan navigaasjeapperatuer.

It systeem kin gjin nûmerbuorden registreare.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)