RK-tsjerken Ljouwert ticht

© Omrop Fryslân
De Titus Brandsma Parochie yn Ljouwert slút twa fan de fjouwer tsjerken. It ûnderhâld kostet in soad jild en it tal parochianen rint tebek. De parochy hat fjouwer tsjerken.
Dat binne de Bonifatius-tsjerke, de Dominicus-tsjerke, de Franciscus- tsjerke en de Johannes de Dopertsjerke. Fan 't hjerst wurdt bekend hokker fan dy fjouwer krekt ticht giet.