Sytse-Pigmeat sakket troch dak

03 jun 2002 - 00:00

De Fryske band Pigmeat sil de kommende tiid gjin optredens jaan. De iene helte fan it duo, Sytse Haima, is sneontejûn troch in dak hinne sakke en hat dêrby syn linker earmtakke brutsen.

Foar Pigmeat betsjut dit dat de optredens yn de moanne juny net trochgean. Jan Seunnenga, de oare helte fan Pigmeat, ferwachtet dat de band heal july wer op it poadium stean sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)