Tsjerkgaast yn de ban fan Sweden

02 jun 2002 - 00:00

Tsjerkgaast is omdoopt yn Kyrkahöjd. De ynwenners binne yn de ban fan it Sweedske alvetal. By de earste wedstriid op it WK tsjin Ingelân wie de stimming yn it doarpshûs poerbêst, fral doe't de Sweden de gelykmakker skoarden.

No't Nederlân net meidocht is it Fryske doarp net oranje mar blau giel fersierd. Fanwegen de trije Sweden by SC Hearrenfean is keazen dat lân te stypjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)