Fytser om it libben kommen
In man fan 82 jier út Holwert is sneon ferstoarn oan syn ferwûnings as gefolch fan in ferkearsûngelok. De fytser waard skept troch in automobilist fan 23 jier út Hallum. By it oerstekken fan de rydbaan seach er de man oer de holle.
De fytser fleach oer de motorkap, rekke mei de holle it dak en kaam yn de berm telâne. Yn it sikehûs yn Dokkum is er stoarn.