Dútser ferdronken op Hegermar
In man út Solingen (Dútslân) is sneon ferdronken yn de Hegermar. Hy fear mei in pear freonen nei Ealahuzen en sloech troch ûnbekende oarsaak oerboard.
Mei in roeiboatsje is de man rêden en nei de boat werombrocht. Om wer op de boat te kommen sprong er yn de mar, mar skeat doe ûnder wetter. Hy is snein fûn. De man wie 52 jier.