Bernehotel yn Drachten
The Nanny, it earste hotel foar bern is sneon iepene. It nijboude hotel yn Drachten fangt bern op fan nul oant tolve jier. As der foldwaande oanmeldingen binne komt der earst in 24-oereopfang.
The Nanny is in partikuliere organisaasje. Foar opfang fan in dei moatte âlden 46 euro betelje. Opfang foar in part fan de dei kostet 26 euro.