'Daam nei Sylt moat oars hite'

© Omrop Fryslân
Friezen yn Noard-Fryslân dy't Deensk oriïntearre binne wolle in nije namme foar de Hindenburg-daam. It keunstwurk ferbynt it eilân Sylt mei Dútslân. De nije namme moat by Noard-Fryslân passe.
Hindenburg ferwiist nei de konservative presidint dy't Hitler oan de macht holp. In idee fan de Friezen is Uwe-Jens Lornsen. Hy wie in gelearde op it mêd steatsrjocht en kaam fan Sylt.