Ranzjearterrein Snits deaspuite

01 jun 2002 - 00:00

De natuergroep Spoordok fan Snits hat freed oanjefte dien fan it ferneatigjen fan beskerme planten en bisten op it âlde ranzjearterrein by Snits. Al it libben is deaspuite en wa't it dien hat is net bekend. De miljeuplysje siket dat út.

De natuergroep wol fan it terrein in natuergebiet meitsje. De gemeente wol der kantoaren en huzen delsette.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)