'Te min FNP-wethâlders'
De FNP hat te min wethâldersposten krigen nei de gemeenteriedsferkiezings fan maart. Neffens FNP-foarsitter Evers wie it net mooglik om mear bestjoersposten te besetten om't de partij bewust bûten de doar hâlden waard.
Ek moat de provinsje in wichtiger rol krije yn it maatskiplik libben. Dat sei Evers freedtejûn op in ledegearkomste fan de FNP yn Wurdum.