'BSE-molke kin ferwurke wurde'

© Omrop Fryslân
BSE mei nea in reden wêze om al it fee fan in bedriuw te romjen. Dat fynt it Nederlânsk molkfeehâldersbûn. Noardlik foarsitter Durk Bosma is bliid mei de opstelling fan boer Agricola, dy't freed de romming fan syn 188 bisten keard hat.
Neffens Bosma kin de molke en fleis fan in BSE-besmet bedriuw gewoan ferwurke wurde. De molke kin ek apart hâlden wurde, dat is noch goedkeaper as romjen.