Flyhors meikoarten skjinmakke
Definsje begjint yn septimber mei de sanearing fan de Flyhors. Koartlyn waard bekend dat it oefenterrein slim fersmoarge is mei giftige metalen.
Yn in brief oan de Twadde Keamer seit definsje no dat de fersmoarging beheind bleaun is ta wat bulten izer. Der soe gjin gefaar wêze foar de folkssûnens. Dochs wol definsje it terrein gau skjinmeitsje.