Koart nijs

© Omrop Fryslân
De 33-jierrige studint Wayel Abdulahad fan Stiens hat in 10 krigen foar syn skripsje. Hy docht de study Biology en Medysk oan de hegere laboratoriumoplieding yn Ljouwert.
De stien op it grêf fan Pim Fortuyn wurdt makke troch de Lemster ûndernimmer Ambrosio. Dy is no yn Italië, dêr't Fortuyn op 20 july werbegroeven wurdt. Ambrosio wie in goede freon fan Fortuyn.