Frou (81) lestich fallen

31 maaie 2002 - 00:00

In 81-jierrige ynwenster fan Ljouwert is tongersdei lestich fallen troch in ûnbekende man. Dat barde yn de Soendastrjitte yn de Yndyske buert.

De frou rûn mei in boadskipkarke oan 'e hân, doe't de man njonken har kaam te fytsen. Hy lei har de hân op 'e rêch. Mar de frou waard kjel en begûn lûd te razen. De man is dêrop hurd fuortfytst.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)