Befeiliging foar fuotbalclub

31 maaie 2002 - 00:00

Fuotbalclub Koatstertille nimt maatregels tsjin ynbrekkerij yn de kantine. Dizze wike wie it foar de fyfde kear yn in healjier tiid safier. No komt der in befeiligingssysteem.

De fuotbalfjilden lizze tige ienlik bûten it doarp. Tsien jier ferlyn waard der ek gauris ynbrutsen. Nei in stille perioade begûn de dieverij ferline jier op 'en nij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)