Golfbaan by Eastmahorn

31 maaie 2002 - 00:00

Eastmahorn kriget mooglik in golfbaan. Ut ûndersyk fan de Grontmij docht bliken dat in 9-holes baan mooglik is by De Skâns. De inisjatyfnimmers sille no fierder útsykje oft de baan út kin.

De gemeente Dongeradiel betellet mei oan it helberensûndersyk. By it Lauwersmardoarp wurdt op 't stuit in grut rekreaasjepark oanlein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)