Fertochte fan sjitterij oppakt

30 maaie 2002 - 00:00

De plysje hat tiisdei in 25-jierrige Ljouwerter oanholden. Hy wurdt der fan fertocht ein april troch in rút fan in wente oan it Hagedoornplein yn Ljouwert sketten te hawwen.

In arrestaasjeteam hat de man oanholden. By hússiking is in fjoerwapen fûn. De man wurdt ek fertocht fan belutsenens by de gizeling fan in frou, ferline wike. Sy wist te fluchtsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)