Brân yn Ljouwerter wenhûs

30 maaie 2002 - 00:00

In útslaande brân hat woansdeitenacht in wenning oan de Van der Weystrjitte yn Ljouwert ferneatige. It hûs is folslein ûnbewenber, ek de huzen fan de buorlju ha in soad skea.

De bewenster ûndekte it fjoer sels en koe mei har twa bern op tiid it hûs útkomme. De brânwacht hie trije kertier nedich om it fjoer ûnder kontrôle te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)