De Jouwer wint bekerfinale

30 maaie 2002 - 00:00

Sportclub De Jouwer hat de beker fan it noardlik amateurfuotbal wûn. Dat barde woansdei op it fjild fan de Harkemase Boys. De Jouwer fersloech sneonshaadklasser Flevo Boys fan Emmeloard mei mar leafst 6-0.

De Jouwer spilet poerbêst. Se waarden dit seizoen kampioen fan de sneinstwaddeklasse. Troch de beker sitte se yn 'e foarronde fan de Amstelcup.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)