Ljouwert krijt bedriuweloket

29 maaie 2002 - 00:00

De gemeente Ljouwert krijt in apart loket foar bedriuwen. Dêrmei moat de tsjinstferliening nei ûndernimmers ta ferbettere wurde.

Gemeente, Keamer fan Keaphannel en de Belestingtsjinst wurkje gear yn it projekt. Yn 2001 lei der al in útstel, mar no krijt it projekt foarm trochdat Ljouwert 170.000 euro útlutsen hat foar in pilot.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)